Steaten kieze foar kampanje om it dragen fan de fytshelm te promoatsjen

21 okt 2020 - 21:44

Der komt in kampanje fan de provinsje Fryslân om it dragen fan fytshelmen te promoatsjen. In moasje fan ChristenUnie, CDA, D66, FNP en Forum waard woansdei stipe troch in romme mearderheid fan Provinsjale Steaten. It giet om promoasje fan de fytshelm, net om in ferplichting, waard der hiel dúdlik by sein.

VVD steatelid Durk Poal presintearre ferskate yllustraasjes by syn ynbring - Foto: Foto VVD Fryslân / Gerco van Beek

Deputearre Sander de Rouwe omearme it idee: "In fytshelm foarkomt gjin ûngelokken, mar as ien in helm op hat is de kâns op swier letsel of om te ferstjerren folle lytser. Minder slachtoffers troch fytsûngelokken moat ús earste ambysje wêze as it giet om fytsbelied."

Deputearre De Rouwe soe dêrom hiel graach sjen dat it dragen fan in fytshelm frijwillich tanimt. "Foaral âlderen binne kwetsber by fytsûngelokken. It is goed om dêroer te praten, dat is op himsels al winst."

De provinsje wol as earste stap yn it nije fytsbelied in saneamde ekspert-meeting hâlde mei saakkundigen oer it plan om de fytshelm te promoatsjen en oare maatregelen om it fytsen yn Fryslân te stimulearjen. "We wolle minsken fansels net ôfskrikke om de fyts te pakken, mar krekt oarsom it fytsen stimulearje", seit De Rouwe.

Snelfytspaden

Njonken de kampanje foar de fytshelm sil de provinsje ek oan de slach mei saneamde 'snelfytspaden' tusken de gruttere kearnen fan Fryslân lykas Drachten, It Hearrenfean en Ljouwert om sa te stimulearjen dat mear minsken ek foar de wat langere ôfstannen de fyts pakke. Ek de besteande fytspaden moatte ferbettere wurde. Dêrfoar is oerlis nedich, want njonken de gemeentes hawwe ek de provinsje, it Ryk en wetterskip Fryslân fytspaden yn behear.

It doel fan it nije fytsbelied is dat alle Friezen yn 'e takomst op syn minst in heal oere deis op 'e fyts sitte, want dat is goed foar de sûnens én goed foar it miljeu.

Deputearre Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)