Ljouwerter krijt sel- en wurkstraf foar stellen ark en lease-auto

In 35-jierrige Ljouwerter is feroardiele ta trije dagen sel en in wurkstraf fan 140 oeren. Hy hie ark stellen út in bedriuwsbus yn Twizel, in lease-auto stellen en wie oan it riden ûnder ynfloed fan drugs.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It stellen ark, in wettertank, hânseage en laserstok, is trochferkocht. De eigener fan it stellen ark krijt 530 euro skeafergoeding.
De lease-auto kaam fan in garaazje yn Snits, dy't de Ljouwerter krigen hie doe't syn eigen auto reparearre wurde moast. Troch de automatyske nûmerplaatwerkenning kaam dy stellerij oan it ljocht. It die bliken dat er by dy rit ûnder ynfloed fan drugs wie.
De man hat syn selstraf al yn foararrest útsitten.