PvdA: Binne der al nije ûntwikkelingen yn saak-nije dyk Ljouwert-Snits?

21 okt 2020 - 18:49

De PvdA yn Súdwest-Fryslân wol tongersdei yn de riedsgearkomste fan boargemaster en wethâlders witte, wat de lêste trije jier dien is oan in nije dyk fan Ljouwert nei Snits. Oanlieding binne útspraken fan deputearre Fokkens begjin dizze moanne. De besteande dyk fan Ljouwert nei Snits is neffens har net ideaal. Sy pleite foar in frijbliuwend ûndersyk nei de mooglikheden foar in nije dyk, as it moat mei in oare rûte.

Foto: Omrop Fryslân

De PvdA ferwiist by syn fragen nei de grutte projekten dy't ôfrûne jierren útfierd binne, lykas de heak om Ljouwert en de Sintrale As. Oan de Snitserdyk is de lêste jierren net folle feroare. Noch altyd giet de dyk troch Dearsum en Tsienzerbuorren. Ek sitte der gefaarlike bochten yn de dyk.

Bêste rûte

Yn it kolleezjeprogramma fan 2017 stiet beskreaun dat Súdwest-Fryslân besjen wol hoe't de dyk ferbettere wurde kin. De PvdA wol no witte wat der sûnt dy tiid bard is. Bygelyks oft der oerlis oer west hat mei de provinsje of de gemeente Ljouwert. Ek wol de partij witte wat neffens it kolleezje de bêste rûte is foar in eventuele nije dyk tusken Ljouwert en Snits.

It pleit foar in nije dyk fan Ljouwert nei Snits is net nij. Nei oanlieding fan de algemiene skôgings fan 2016 hat boargemaster Hayo Apotheker ek alris in in baltsje opsmiten oer in hiele nije dyk, by it spoar del.

Trefwurden: 
Ljouwert Snits PvdA dyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)