Partij voor de Dieren-pionier Rinie van der Zanden nimt ôfskied fan Steaten

21 okt 2020 - 18:45

Rinie van der Zanden fan de fraksje Partij voor de Dieren hat woansdei ôfskie naam fan Provinsjale Steaten. Dêr kaam se ôfrûne jierren konsekwint op foar de belangen fan natuer en bisten "want die kunnen niet voor zichzelf opkomen".

Foto: Partij voor de Dieren

Nei fiif jier provinsjale polityk fynt Rinie van der Zanden (71) it tiid om it wat kalmer oan te dwaan. "Ik heb nog nooit zo hard gewerkt als de afgelopen vijf jaar en ik wil graag wat meer tijd hebben voor mijn moestuin en mijn kleinkinderen."

Se hat noch wol in advys foar it provinsjaal bestjoer fan Fryslân: dat soe wat mear harkje moatte nei de biologysk-dynamyske boeren en wat minder nei boere-organisaasje LTO.

Yn de Steaten wie frou Van der Zanden yn alle gefallen in tige respektearre en hurd wurkjend steatelid. Ek op har lêste steategearkomste kaam se mei ynhâldlike bydrages oer útienrinnende ûnderwerpen lykas wetterkwaliteit, mobiliteit en it Fryske fytsbelied.

Hurdfarren is skealik

De ôfrûne jierren kaam se yn de steaten faak op de tekst oer ûnderwerpen as de mûzepleach, it fergassen fan guozzen, yntinsive feehâlderij en it hurdfarren op de Burgumer Mar. De proef mei it hurdfarren op dizze mar fynt frou Van der Zanden 'buitengewoon onverstandig'. Se begrypt dêrom ek neat fan de yntinsje fan Deputearre Steaten om te ûndersykjen oft de proef ek nei in krityske útspraak fan de rjochter troch te setten is. "Dat snelvaren is enorm schadelijk voor de roerdomp. Maar wie spreekt er voor de roerdomp? Daarvoor ben ik in de politiek gegaan."

Ko betankje foar har tsjinsten

It provinsjaal bestjoer soe mear yn petear gean moatte mei de biologysk-dynamyske boeren yn Fryslân, is frou Van der Zanden fan betinken. "Die gaan respectvol om met bodem, natuur en dieren. Ze bedanken een koe ook voor hun bijdrage als een koe weggaat. Zo hoort het ook. Een koe is een levend wezen en geen productiemiddel."

Minder bestridingsmiddels

Van der Zanden hat har yn de Fryske polityk bot ynspand foar in lânbou mei minder bestridingsmiddels en mear krûderike greiden. De ôfrûne jierren gie der neffens har in soad mis yn de Fryske lânbou, benammen doe't it molkkwotum ôfskaft waard en in soad melkfeehâlders útwreiden en dêrtroch tefolle stront en fosfaat produsearren.

Daar heb je weer zo'n gesubsidieerde rand.

Rinie van der Zanden oer boulân mei rânen fol blommen en krûden dêr't se ek wiis mei is

Mar se sjocht ek hoopfolle tekens. De Partij voor de Dieren kriget yn de Steaten gauris stipe fan oare partijen en ek yn de lânbou sjocht se ek positive ûntjouwings, lykas mear greiden en bougrûn mei krûderike rânen. "Ik ben daar blij mee, maar denk ook wel eens, daar heb je weer een gesubsidieerde rand. Als het om het geld gaat, komt de motivatie natuurlijk niet van binnenuit."

Dêr't it giet om de miljeuregels pleitet frou Van der Zanden foar mear kontrôle en hanthavening. "Daar zijn te weinig mensen en middelen voor, terwijl het wel erg belangrijk is, bijvoorbeeld waar het gaat om bestrijdingsmiddelen. Voorkomen dat schadelijke stoffen in het milieu terecht komen is altijd beter dan achteraf repareren."

Menno Brouwer is opfolger

Yn Provinsjale Steaten wurdt Rinie van der Zanden takom moanne opfolge troch Menno Brouwer. Van der Zanden bliuwt aktyf as adviseur fan it provinsjaal bestjoer fan har partij.

Harkje nei Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren

(Advertinsje)
(Advertinsje)