Keningshûskenner Bilker: Is der no gjinien dy't seit: Majesteit, better net?

Kening Willem-Alexander is yn syn ferklearring dizze woansdei wiidweidich yngien op syn Grikelânfakânsje dêr't opskuor oer wie. Ferslachjouwers dy't it Keninklik Hûs folgje, neame it opmerklik. "Dat hij zelf het boetekleed aantrekt, is nooit eerder vertoond", seit Kysia Hekster fan de NOS. Hoe sjocht Oranjekenner Bearn Bilker der tsjinoan?
© ANP
Bilker neamt de situaasje unyk. "Dit is hiel útsûnderlik. Soks moat net faker foarkomme, want dan wurdt it gesach fan de kening bot oantaast. Ik tocht: hoe moat er him hjir no út rêde?"

Ynskattingsfout

"It is mear as in bytsje dom, want dit is de safolste kear. Eardere foarbylden binne de filla yn Mozambyk en it pilske mei Putin. De kening makket kear op kear in ynskattingsfout en dat betreurje ik", seit Bilker.

Wêrom warskôget gjinien?

"De kening en de keninginne moatte ûnberisplik wêze. En mei de bern moatte se der no ek om tinke. Rare dingen dwaan kin net. Dat sjogge jo ek mei de affêres fan de kenigshuzen fan Spanje en België, en it begjint no ek yn Tailân. Is der dan gjinien dy't seit: Majesteit, dit kinne jo better net dwaan?"