Coronabesmetting by shorttrackploech; part fan de sporters yn karantêne

By shorttracker Dennis Visser fan De Lemmer út de Nederlânske ploech is corona fêststeld. Dat is woansdei bekendmakke. Hy sit yntusken yn karantêne yn syn appartemint op It Hearrenfean. Sjinkie Knegt hat gjin klachten, mar giet ek yn karantêne en docht dit wykein net mei oan de Invitation Cup. Dat jildt ek foar Sven Roes. Daan Breeuwsma, Rianne de Vries en Suzanne Schulting meie dit wykein wol meidwaan.
© www.orange-pictures.nl
"Maandagochtend had ik klachten en koorts. Ik heb me direct laten test en de uitslag was dus positief", seit Dennis Visser. No hat er gjin koarts mear, noch wol wat lêst fan de stim. "Het is vervelend dat ik niet mee kan doen. Ik moet natuurlijk in quarantaine blijven. Maar dat moeten er meer want ik ben wel in contact geweest met teamgenoten."
De rest fan it team wurdt ek test.
Sjinkie Knegt © www.orange-pictures.nl
Shorttracker Sjinkie Knegt sei earder op de dei al dat er it ûnferantwurde fynt dat der dit wykein wedstriden yn de Invitation Cup op It Hearrenfean riden wurde. By dizze tariedingswedstriid komme riders út Nederlân, België, Poalen en Letlân byinoar.
Sjinkie Knegt hat gjin klachten, mar is dúdlik yn wat er fynt. "De Cup moat net trochgean, dat liket my net handich om bûtenlanners nei Thialf komme te litten. Je witte net wat je binnenhelje, je moatte it risiko op besmettingen net fergrutsje." Knegt giet ek yn karantêne en docht dit wykein dus ek net mei oan de Invitation Cup.
Bûnscoach Otter tinkt dat it toernoai gewoan trochgean kin. As de medyske stêf der betrouwen yn hat, slút hy him dêrby oan. Neffens Knegt binne de riders net heard yn wat se wolle. "De KNSB moat in liedende rol pakke fyn ik."
De Cup wurdt fan freed oant en mei snein hâlden op Thialf.
Dennis Visser en Sjinkie Knegt