"Skoallen slute is lêste maatregel tsjin coronafirus"

21 okt 2020 - 17:04

Skoallen tichtsmite soe de alderlêste maatregel tsjin it coronafirus wêze moatte. Dat seit bestjoersfoarsitter Anne Leijenaar fan skoalmienskip Bogerman yn Snits. Saakkundigen wolle de middelbere skoallen slute, om't yn de leeftiidskategory fan dy bern hieltyd mear besmettingen plakfine. "Dat is een stap die veel te ver gaat", seit Leijenaar.

Bogerman

De oprop fan de saakkundigen om skoallen te sluten hat wol foar wat ûnrêst soarge, mar it is totaal net oan de oarder. "We zien ook dat onder het percentage besmettingen onder onderwijspersoneel niet anders is dan bij mensen buiten het onderwijs."

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne wol in soad besmettingen. "Dat houden we goed in de gaten. Als er in een bepaalde klas wel meer besmettingen zijn, dan hebben we daar scenario's voor." En dy senario's binne dus wat oars as it sluten fan de skoallen: "Dan willen we in eerste instantie alleen die klas naar huis sturen, niet de hele school. Die willen we graag openhouden, want hetzelfde scenario als in maart zou jammer zijn."

Heale klassen of om en om

Op it Bogerman falt it noch ta mei de besmettingen. "We hebben net een herfstvakantie gehad. De afgelopen dagen hebben we direct gekeken of er meer besmettingen waren, maar dat viel mee."

As der wol wat gebeure moat, dan hat Leijenaar ek wol ideeën. "Bijvoorbeeld niet hele klassen op school, maar halve. Dan krijgt de andere helft online les. Dat doen we nu nog niet, maar daarop zijn we ons wel aan het voorbereiden. Een andere mogelijkheid is om de ene dag klas A thuis te houden en de dag erna klas B."

Foto: Omrop Fryslân

Guon learlingen ha wol soargen

Sûnt in pear wiken jildt it driuwende advys om mûlkapkes te dragen yn de gong en yn de kantine op skoalle. Dat falt noch net ta, fernimt Leijenaar. "De leerlingen vinden dat heel lastig. Ze zijn bijvoorbeeld 12 of 13 jaar en zien zichzelf niet als risicogroep." Dat jildt net foar elkenien. "We hebben een paar leerlingen die kwetsbare ouders hebben, die zijn wel bezorgd. Ze willen graag dat andere leerlingen daar ook rekening mee houden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)