Direkteurswiksel by Doeksen, Paul Melles jout it stokje oer oan Dirk Spoor

21 okt 2020 - 15:58

Direkteur Paul Melles nimt op 31 desimber fan dit jier ôfskied as direkteur fan rederij Doeksen. Hy hat 34 jier by Doeksen wurke. De lêste tweintich jier wie er algemien direkteur.

Direkteurswiksel Doeksen: links nije man Dirk Spoor, rjochts de opstappende man Paul Melles - Foto: Rederij Doeksen

Melles is 60 jier en fynt sels dat it tiid is foar in nije generaasje. Hy wurdt opfolge troch de 38-jierrige Dirk Spoor. Dy wurket al tsien jier by Doeksen en hat de lêste twa jier al yntensyf gearwurke mei Melles, om him ta te rieden op de funksje fan direkteur.

Paul Melles bliuwt wol oan it wurk by Doeksen, as technysk direkteur, mar hy wol ek mear omtinken jaan oan syn pakesizzers.

Rederij Doeksen hat 325 meiwurkers, op Skylge, Flylân en yn Harns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)