Sint-Nyk krijt mooglik net twa, mar ien nije basisskoalle

21 okt 2020 - 15:51

Sint-Nyk krijt yn de takomst mooglik net twa, mar ien nij basisskoalgebou. Hjir moatte dan wol de beide basisskoallen ûnderdak yn krije. De skoalbestjoeren fan De Paedwizer en It Klimmerblêd binne dêrom no úteinset mei in tariedend ûndersyk foar de helberens fan dit plan.

Foto: Omrop Fryslan

Foar de mooglike nijbou fan de beide skoallen hat de gemeente lokaasje-ûndersyk dwaan litten. By dit ûndersyk is sjoen nei ferkearsfeiligens, berikberens, parkearjen en fytsrûtes, en de ôfstân fan foarsjennings yn it doarp.

Ut it ûndersyk fan de gemeente hat bliken dien dat de lokaasje oan de westkant fan de Gaastwei de bêste opsje is. Dizze lokaasje is oars as dy dy't yn it Masterplan Sint-Nyk stiet. Dêrnjonken moat it bestimmingsplan fan de gemeentlike lokaasje noch oanpast wurde.

De beide skoalbestjoeren stean achter it lokaasje-ûndersyk en de foarkarslokaasje. De kommende moannen wurdt fierder wurke oan de tarieding foar de mienskiplike skoalle. De gemeenteried moat noch te set oer it bedrach dat de skoallen nedich hawwe foar dizze nijbou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)