Studinten meitsje harren soargen oer Fryske Akademy: "goed ûndersyk is dreech"

21 okt 2020 - 15:12

It kiezen fan in spesjalisaasje Frysk wurdt foar studinten hieltyd minder oanloklik, as de organisaasje by de Fryske Akademy yn Ljouwert net op oarder is. Dat opmerklike lûd komt fan twa studinten dy't meartaligens studearje oan de universiteit yn Grins. Sy hawwe dêroer in brief oan de provinsje stjoerd.

It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, it wittenskiplik ûndersyksynstitút fan Fryslân (Doelestraat) - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De studinten kinne net goed ûndersyk dwaan omdat se tagong ta al bekende ûndersyksresultaten misse, seit Sierd Wiebe Prins (22), twaddejiers-studint minderheden en meartaligens oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy hat tegearre mei treddejiers stúdzjegenoat Boukje Emma Smith in brief dêroar skreaun oan de provinsje.

Prins: "Der binne net genôch ûndersykresultaten ta ús beskikking. Wy hawwe bygelyks net genôch tagong ta digitale boarnen. Dan wurdt it foar ús lestich om goed ûndersyk te dwaan nei it Frysk."

Der is mar ien Frysktalige boarne (...) dêr't ik my goed op basearje kin. Dat is gjin goede situaasje.

Sierd Wiebe Prins

Prins doch ûndersyk nei de motivaasje fan Fryske jongerein om it Frysk te brûken op Whatsapp. "Der is mar ien Frysktalige boarne út de lêste jierren dêr't ik my goed op basearje kin. Dat is gjin goede situaasje. Wy ferlykje it ek mei oare Europeeske minderheidstalen lykas it Katalaansk en it Skotsk. Dêr is folle mear omtinken foar de talen op wittenskiplik nivo."

Ien mei in dúdlike fyzje op de rol dy't de Akademy spylje moat yn de Fryske wittenskip en de Fryske mienskip

Prins en Smith oer de nije direkteur fan de Fryske Akademy

De lêste trije direkteuren fan de Akademy binne net goed fuortgien, seit Prins, en de finansjele situaasje wie net op oarder. Dat lêste is ûnderswilens wol goed en no wurdt it tiid dat der in goede direkteur beneamd wurdt. Dat moat ien wêze mei 'in dúdlike fyzje op de rol dy't de Akademy spylje moat yn de Fryske wittenskip en de Fryske mienskip', sa stiet te lêzen yn it brief fan de studinten oan de provinsje.

Yn in earste sollisitaasje-omgong waarden alle gadingmakkers ôfwiisd omdat der gjin 8+-kandidaat by siet. Prins seit dêroer: "Ik bliuw efkes yn studintetaal: Op in stuit is it wichtiger datst in tentamen hellest, al is dat mei in 7."

Sierd Wiebe Prins

(Advertinsje)
(Advertinsje)