Fruitbeammen opnij fergees ôf te heljen yn Heech

Fergees in fruitbeam ophelje, dat koe earder dit jier al fanwege de coronakrisis. Mar no is der opnij in mooglikheid om sûnder jild út te jaan fruit yn de tún te krijen. De organisaasje Plan Boom wol op 14 novimber fruitbeammen útdiele yn Heech.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Plan Boom is in lanlik projekt fan de miljeufederaasjes en de lânskippen om de kommende trije jier úteinlik yn totaal tsien miljoen beammen yn Nederlân te plantsjen. Yn Fryslân is it de bedoeling om 700.000 beammen te plantsjen. Dit wurdt dien yn oparbeidzjen mei minsken dy't grûn flakby natuergebieten hawwe. Mar ek boargers mei in eigen tún of lokale oerheden mei stikken grûn kinne meidwaan.
Om mei te dwaan oan de aksje moatte minsken har foar 7 novimber oanmelde. De beammen wurde yn tsien stiks útdield mei in maksimum fan 500 beammen. Krekt lykas by de foarige aksje giet it hjir opnij om beammen dy't troch de coronakrisis ûnferkocht bleaune, en dy't oars yn de fersnipperer komme soene.