Deputearre Fokkens: Friesenbrücke wurdt gewoan oplevere yn 2024

21 okt 2020 - 14:01

De spoarbrêge Friesenbrücke oer de Eems yn Dútslân wurdt gewoan lykas pland yn 2024 oplevere. De provinsjes Fryslân en Grinslân hawwe dat te hearren krigen fan it regear fan it lân Niedersachsen yn Dútslân.

Deputearre Fokkens oer de brêge:

Fokkens oer brêge

Deputearre Avine Fokkens is, lykas ek guon politisy yn Dútslân, earder dizze wike wol skrokken fan it útlekte rapport fan de Dútske rekkenkeamer oer dyselde Friesenbrücke. Neffens in senario yn dat rapport soe de brêge net yn 2024 mar yn 2030 oplevere wurde. Neffens Fokkens kin dêr gjin sprake fan wêze; Nederlân en Dútslân hawwe ôfspraken makke oer de bou fan de nije brêge.

Essinsjeel foar ferbining Harns-Hamburg

It op tiid opleverjen fan dy nije brêge is neffens Fokkens essinsjeel foar de realisaasje fan de Wunderline, in flugge spoarferbining fan Harns nei Hamburg oer Grins en de Friesenbrücke. Ek foar de lobby foar de Lelyline is in nije spoarbrêge tusken Weener en Leer essinsjeel, sa seit de deputearre.

De stikkene Friesenbrücke yn desimber 2015 - Foto: ANP

De âlde Friesenbrücke is net mear te brûken sûnt in slimme oanfarring yn 2015. De plannen foar de bou fan in nije brêge waarden komplisearre troch ekstra easken fan skipswerf Meyer Werft yn Papenburg. Meyer Werft is in grutte wurkjouwer yn Niedersachsen. It bedriuw bout grutte cruiseskippen en wol dêrom in sa breed mooglike trochfeart yn de nije spoarbrêge.

Tsientallen miljoenen djoerder

Neffens de plannen fan Deutsche Bahn wurdt de nije brêge dêrom in grutte draaibrêge. De plannen binne de ôfrûne simmer presintearre oan omwenners, sadat yn 2021 mei de bou begûn wurde kin. Yn in útlekt rapport is it Dútske Bundesrechnungshof lykwols kritysk oer sawol de planning as de begrutting. De Dútske rekkenkeamer mist in maatskiplike kostenbate-analyze yn de plannen foar de Friesenbrücke. Boppedat soe de brêge ek tsientallen miljoenen djoerder wurde kinne as rûsd.

Het is echt aan de Duitsers hoe ze die verbinding realiseren.

Deputearre Fokkens

"As dy brêge echt folle djoerder wurdt, kinne we dan net better pleitsje foar in tunnel?", sei D66-steatelid Romke de Jong woansdei yn Provinsjale Steaten. "Daar gaan wij niet over", antwurde deputearre Avine Fokkens. "Het is echt aan de Duitsers hoe ze die verbinding realiseren." De deputearre heakke deroan ta dat it ek foar de lobby foar de Lelyline, de flugge spoarferbining fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins, essinsjeel is dat der gau in nije Friesenbrücke komt.

De Jong soe dêrom graach sjen dat Fokkens net allinnich yn Den Haag, mar ek yn Dútslân lobbyt foar de Lelyline. "Ik ben graag bereid om, samen met mijn collega Gräper van Groningen, een keer naar Hamburg te gaan. Maar het zou dan wel helpen dat er dan ook een duidelijke uitspraak ligt van de Nederlandse regering over de Lelylijn."

Saak foar de langere termyn

De realisaasje fan de Wunderline, de direkte spoarlijn fan Harns nei Hamburg, is in saak foar de wat langere termyn. Op dit stuit wurdt yn Grinslân wurke oan it ferbetterjen fan it spoar tusken de stêd Grins en de grins mei Dútslân. Op dit stuit hâldt dy spoarferbining lykwols op by it Dútske grinsplakje Weener. De treinreizger moat dêr op dit stuit noch oerstappe op in streekbus nei Leer om fierder te kommen. Foar in trochgeande en oantreklike treinferbining is in nije Friesenbrücke dêrom needsaak.

Avine Fokkens oer de Wunderline

(Advertinsje)
(Advertinsje)