Flinke taname tal coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

21 okt 2020 - 11:40

Der lizze op it stuit 17 coronapasjinten op de intensive cares fan de Fryske sikehûzen. Dat binne der twa mear as ôfrûne moandei. Ein april wie foar it lêst dat der safolle Fryske coronapasjinten op de intensive cares leine.

It tal coronapasjinten op de intensive care yn Fryslân:

It tal coronapasjinten op de Fryske ferpleechôfdielingen is flink tanaam. It binne der no 45, wylst dat twa dagen lyn noch 29 wiene.

Alles is wol ûnder kontrôle yn de Fryske sikehûzen, seit wurdfierder Frits Mostert. Se binne ree foar in taname yn de sifers.

Coronapasjinten op de ferpleechôfdielingen:

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)