Wâl fan de Luts yn Balk wurdt opknapt: "Wy binne hjir net om de boel ôf te brekken"

21 okt 2020 - 13:35

De histoaryske wâlmuorren fan de Luts yn Balk wurde ferfongen. Op it stuit leit dêrfoar in ponton yn it wetter mei in kraan derop, dy't de muorre yn dielen optilt en ferfangt. De âlde eleminten komme werom yn de nije konstruksje.

Wâl fan de Luts yn Balk

Se binne al it wike of twa dwaande mei de wâlskanten. Om't de besteande, histoaryske wâlmuorre ûnderdiel is fan it beskerme doarpsgesicht, moat it wurk foarsichtich dien wurde. "Alles moet een beetje met beleid", sa seit Van Delden.

Yn de Luts is in grutte kraan op in ponton delset dy't se brûke om de dielen, dy't earst fersterke binne, derút te tillen en te ferfangen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De oannimmer is der drok mei. Eddy van Delden fan Jansma Drachten: "Wij zijn momenteel bezig met de kademuren. We zijn op het moment bezig met de damwand drukken, en we zullen een paar steigers weghalen om er met de dekschuit doorheen te kunnen. Ook gaan er vandaag nog een aantal lantaarnpalen weg, en dan gaan we de boel daar opknappen."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Eddy van Delden fan Jansma Drachten

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De stielen daamdielen stean al foar in part yn de wâl. Sjors Veenstra, projektlieder by gemeente De Fryske Marren, fertelt dat it oant no ta hiel goed giet.

"It wie wol spannend, it binne sketten fan 6 meter. It wie ek ôftaasten, want hoe giet it mei de omjouwing? It binne fansels allegear âlde gebouwen hjir. Dat is in punt fan soarch en dat hawwe minsken ek útsprutsen."

Der binne dan ek maatregels naam om alles yn goede banen te lieden. Sa binne de wenten yn it foar boukundich opnaam, binne der hichtemjittingen dien en binne de wenten foarsjoen fan trillingsmjitters. "Dy hâlde by oft de trillingen net te heech wurde," seit Veenstra. "Wy binne hjir om it moaier te meitsjen, net om de boel ôf te brekken."

Nije muorren, âlde stiennen

"De âlde konstruksje bestiet út in mitselwurk op houten peallen. Dêrfan is it hout ferrotte", fertelt de projektlieder. Yn de nije konstruksje komme de âlde eleminten werom. "De konstruksje dy't wy betocht hawwe, bestiet út stielen daamwanden. Dêr wurdt in betonnen sket oan hongen, dêr't de besteande mitsel-eleminten yn werompleatst wurde", fertelt Veenstra. "It wie ek in winsk yn it doarp, om de besteande stiennen opnije te brûken."

De beammen dy't op de wâl stiene, binne earder dit jier ferpleatst nei in plak bûten it doarp. Allegearre libje se noch, en aanst kinne se yn febrewaris werompleatst wurde. "Dan krije se harren plakje wer", sa seit Veenstra.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Sjors Veenstra fan gemeente De Fryske Marren

Trefwurden: 
De Fryske Marren Balk Luts
(Advertinsje)
(Advertinsje)