Sjinkie Knegt fynt earste shorttrackwedstriid fan it seizoen net ferantwurde

Sjinkie Knegt fynt it net ferantwurde dat dit wykein de Invitation Cup op It Hearrenfean organisearre wurdt. "Hellest allegear nasjonaliteiten nei Thialf. Ik bin gjin firolooch, mar dat liket my net tûk." Fan freed oant en mei snein wurdt de earste shorttrackwedstriid fan it seizoen holden.
Sjinkie Knegt © www.orange-pictures.nl
Knegt rydt wol gewoan: "Dat is ek wer sa wat. Dan bin ik wer dejinge dy't dwers is. Ik ha it oanjûn en de KNSB moat dan mar in beslissing nimme."
Mar neffens Knegt is it dus net ferantwurde. "We wurde tongersdei test, mar dat is it. Dus dan bist tongersdei negatyf, mar dan giest nei hûs. Ik sjoch myn bern, myn frou. Dan kinst it dochs noch krije. Dan is der net echt sprake fan in bubbel."
Dan moatte se hjir mar ris efkes komme en nei de sport sjen, want dat slacht fansels nergens op.
Neffens de GGD is shorttrack in 'niet-contactsport', ta fernuvering fan Sjinkie Knegt
Boppedat hat de GGD shorttrack oanwiisd as 'niet-contactsport'. "No, dan moatte se hjir mar ris efkes komme en nei de sport sjen, want dat slacht fansels nergens op."
Neffens Knegt tinke de measte shorttrackers der sa oer. "Foaral de wat âldere generaasje. Dy jonge hûnen stean dêr dochs oars yn en dat snap ik hiel goed. Ik kin my al hiel lang net mear echt oplade foar sa'n Invitation Cup. Dat is no echt net oars."

Schulting hat ek fragen

Suzanne Schulting brânt har net oan in miening hjiroer. "Ik wil heel graag racen en daar heb ik heel veel zin in. Ik zet wel mijn vraagtekens. Ik stel vragen. Maar de KNSB moet het uiteindelijk maar beslissen."
Schulting baalt wol as in stekker. "Ik ben nog nooit zo goed geweest als nu. Ik rijd top vijf tijden en dan ook nog op het trainingsijs hier in Heerenveen. Dus ik baal vooral dat er niet veel wedstrijden zijn."

"Niemand verplicht Sjinkie"

Neffens bûnscoach Otter kin it toernoai gewoan trochgean, om't der goed nei de sûnensfoarskriften sjoen wurde. "Ik sluit me aan bij de medische staf. Als zij zeggen dat het veilig is, dan is het veilig", seit Otter. "Niemand verplicht Sjinkie om mee te doen. Ik niet en de KNSB ook niet. Dan halen we hem van de startlijst als hij dat wil, dat is geen probleem."
Foar de Invitation Cup ha de dielnimmers út Frankryk en Dútslân yntusken ôfsein. Allinnich dielnimmers út Poalen en België dogge noch mei en ien shorttracker út Letlân.