Ferhúsbuske te heech foar spoartunnel De Westereen: dak strûpt derôf

De bestjoerder fan in bestelbuske hat woansdeitemoarn in djoere flater makke. It buske kaam klem te sitten ûnder in spoartunnel by De Westereen.
© De Vries Media
De bestjoerder fan it buske hie te let troch dat it dak fan syn bus te heech wie foar de spoartunnel. Resultaat wie dat de tunnel hast as in tsiisskaaf it dak fan de bestelbus bewurke. De bestjoerder rekke by it ûngelok net ferwûne. it is net dúdlik oft de ynhâld fan de ferhúswein ek skea oprûn hat by it ûngelok.
In berger moast deroan te pas komme om de bus wer fuort te heljen. De dyk hat in skofke ôfsluten west foar it ferkear.