FIDEO: Tûzenen mûzefalken boppe Flylân

21 okt 2020 - 12:13

Boppe Flylân binne dizze dagen tûzenen mûzefalken te sjen. It luts in soad fûgeltsjeminsken nei it eilân. Neffens wurdfierder Anke Bruin-Kommerij fan Steatsboskbehear is it ek net in normaal ferskynsel op Flylân.

De mûzefalken hearre harren no wol te sammeljen foar de trek, mar meastentiids dogge se dat boppe de fêste wâl. Dat dat no barde boppe it eilân hat alles te krijen mei de wynrjochting fan it ôfrûne wykein, seit Bruin-Kommerij.

Earder wiene der ek al meldingen fan grutte kloften mûzefalken boppe It Amelân en Teksel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)