Ljouwerter bedriuw yn Netflix-dokumintêre

21 okt 2020 - 11:34

It Ljouwerter wetterbedriuw Hydraloop is opnaam yn in Netflix-dokumintêre oer de takomst fan ús drinkwetter. De film Brave Blue World is woansdei yn premjêre gien op de streamingservice.

Ljouwerter bedriuw yn Netflix-dokumintêre

Yn de film wurdt nochris dúdlik makke hoe essinsjeel oft foldwaande skjin wetter is foar de takomst fan de ierde. Dochs lit de dokumintêre net allinnich mar de problemen sjen, mar toane se ek de oplossings. De dokumintêre wurdt ynsprutsen troch akteur Liam Neeson, en ek akteur Matt Damon spilet in rol.

Liam Neeson - Foto: Water Alliance

De filmploech fan regisseur Tim Neeves kaam ferline jier op besite yn Ljouwert foar de opnamen. Hydraloop soarget derfoar dat minsken thús wetter opnij brûke kinne. It is ien fan de bedriuwen dy't útljochte wurdt yn de dokumintêre. Njonken de Ljouwerters binne der ek bedriuwen út Meksiko, Yndië en Denemarken portrettearre.

Hydraloop sit op de WetterCampus yn Ljouwert. Water Alliance, de koepelorganisaasje dêr, is bliid mei de film fan Netflix: "Het meest belangrijk is toch wel dat door de opzet van deze documentaire, met medewerking van veel beroemde namen, vooral een breed publiek bereikt kan worden. En dat is nodig: iedereen in de wereld moet weten dat schoon water schaars is en dat we er heel slim mee om moeten gaan."

Foto: Shutterstock.com (Anton Havelaar)
(Advertinsje)
(Advertinsje)