Gemeente stipet plan foar bou tydlike wenromte foar jongerein yn Makkingea

De gemeente Eaststellingwerf wol meiwurkje oan de realisaasje fan tydlike wenromte foar jongerein yn Makkingea. Pleatslik Belang hat earder de earste oanset fan in plan dêrfoar yntsjinne by de gemeente.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De wenten soene komme moatte op it Muldersfjild. Se hawwe ien boulaach en in eigen tún, en binne 50 oant 60 kante meter grut. Betelber, duorsum en mienskip binne de kaaiwurden fan de inisjatyfnimmers.
De gemeente stipet fierdere útwurking fan de plannen. By de provinsje wurdt bouromte foar tydlike wenromte oanfrege. Fierders wol de gemeente ûndersykje oft de realisaasje fan tydlike wenromte op de lokaasje Muldersfjild wol mooglik is.