Gemeente en omwenners komme mei oplossing foar lûdsoerlêst yn De Westereen

21 okt 2020 - 11:14

Der komme ferkearsdrompels, fersmellingen yn de dyk en in legere maksimumsnelheid op de Miedloane by De Westereen. Dat moat oerlêst fan autoferkear werombringe. Sûnt de oanlis fan de Sintrale As ha omwenners te krijen mei de oerlêst. Nei oerlis mei de gemeente Dantumadiel binne der no oplossingen.

Foto: Google Streetview

Sûnt de oanlis fan de Sintrale As brûke automobilisten de Miedloane om by de Sintrale As te kommen, yn stee fan de tagongswei dy't oan de oare kant fan De Westereen is. De bewenners fernimme dizze taname fan it ferkear yn de oerlêst dy't se ûnderfine.

Genietsje fan de natoer

De oplossing dêr't de gemeente yn oerlis mei in wurkgroep fan omwenners en fertsjintwurdigers fan it doarpsbelang ta kaam is, bestiet út it meitsjen fan ferkearsdrompels, fersmellingen op twa parten, en de maksimale snelheid nei ûnderen bringe. "Bûten dat de Miedsloane in oantreklike wei nei de Sintrale As is, is it ek in wei troch in prachtich moai natoergebiet hinne. Dêr moatte je ek in bytsje fan genietsje kinne, ek wannear't je dêr kuierje of fytse. De snelheid fan de auto's leit no bêst heech, dy wolle wy wat nei ûnderen hawwe sa't elts genietsje kin fan it moaie gebiet", seit wethâlder Kees Wielstra fan Dantumadiel.

At alles giet sa as ferwachte, dan kin der yn de maitiid fan 2021 úteinset wurde mei de oanpassingen.

Wethâlder Kees Wielstra fan Dantumadiel

(Advertinsje)
(Advertinsje)