Publykskolleezje Akademy Frjentsjer oer coronakrisis inkeld online te folgjen

21 okt 2020 - 10:39

De coronakrisis soarget deroar dat de Akademy fan Frjentsjer de programmearing fan de publykskolleezjes oanpasse moat, fan fysyk yn de Martinitsjerke en de Botniastins nei online. Woansdeitejûn is it lêste online kolleezje, en ek dan stiet corona sintraal.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

It akademysk jier 2020-2021 fan de Akademy fan Frjentsjer waard ein septimber iepene troch âld-politikus en skriuwer Jan Terlouw. Doe stie coronakrisis ek al sintraal yn syn ferhaal.

Underwerp fan it maitiid al fêststeld

Professor Brakman fan de RUG praat woansdeitejûn oer de ekonomyske aspekten fan de coronakrisis. De kar foar dat ûnderwerp wie fan 't maitiid al makke, doe't se tochten dat it by in earste lockdown bliuwe soe. Se wisten doe net dat it wer ta strangere maatregels komme soe, sa fertelt Peter Polhuis fan de Akademy Frjentsjer.

Hieltyd minder oanwêzigen

It iepeningskolleezje troch Jan Terlouw yn de Martinitsjerke wie noch wol iepenbier, mar dan wol mei in beheind publyk. By it twadde kolleezje fan professor Hoppe mochten der mar tritich persoanen yn de tsjerke. It tredde kolleezje, troch professor De Ridder wie yn de Botniastins, mei noch minder publyk. De measten seagen it benammen troch de livestream.

Weromsjen

Woansdeitejûn is der dus ek wer in livestream. Fragen stellen nei ôfrin fan de lêzing kin net, mar in livestream dy't ek opnaam wurdt hat ek wer foardielen. No al kin de trije earder hâlden kolleezjes weromsjoen wurde.

Peter Polhuis, Akademy fan Frjentsjer

(Advertinsje)
(Advertinsje)