Platfoarm wol ein oan ferkeap wetterkrassula

21 okt 2020 - 10:10

De ynvasive plantesoart wetterkrassula, dy't ûnder oare op Skylge foar grutte problemen soarget, moat net mear samar ferkocht wurde kinne. Dat fynt de stichting Platform Stop Invasieve Exoten.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Heramides

Om harren oprop krêft by te setten is der in ynternetkonsultaasje opset. Njonken in ferbod op de ferkeap fan wetterkrassula, wol de stichting ek in ferbod op de ferkeap fan de reuzereadskonk.

De wetterkrassula is in wetterplant dy't net yn Nederlân thúsheart, mar dy't hjir dochs yn it wyld bedarre is. De plant soarget foar in soad skea, om't er de gewoane floara en fauna yn de Fryske natuer ferkringt. De bestriding fan de plant hat de oerheid al miljoenen euro's koste.

Wilfred Reinhold fan it platfoarm: "Ondanks een verzoek vanuit het platform heeft minister Schouten de watercrassula niet in de conceptregeling opgenomen. Deze omissie kan echter nog via de inspraak worden gecorrigeerd."

Te keap op 25 plakken

De gefaarlike plant kin op it stuit op noch sa'n 25 plakken kocht wurde, wêrûnder by de grutte ynternetferkeapsite Bol.com. "De schade die dit exotische plantje veroorzaakt aan de natuur is enorm en overduidelijk, daar bestaat geen discussie over. Miljoenen euro's besteden aan bestrijding terwijl de verkoop doorgaat, is dweilen met de kraan open", seit Reinhold.

(Advertinsje)
(Advertinsje)