Kollum: "Noardlike kjeld"

"Der binne gjin politisy mear dy't lûdop doare te sizzen dat Fryslân mei Grinslân en Drinte mar ien provinsje foarmje moat. Wylst dat, inkeld al op grûn fan it beheinde tal minsken wat dêr wennet wol goed wêze soe. Benammen om yn Nederlân mear lykwicht te krijen, sadat regiobelied ek echt stâl krije kin. Yn Den Haag waard it noch it faakst monkele, mar elkenien dy't dat rôp, krige gjin stimmen mear. Net yn Grinslân en ek net yn Fryslân. Yn Drinte stimme se noch sa't harren heiten ek altyd dien ha.
© Omrop Fryslân
De toan fan Eelke Lok
Dus sitte se noch altyd ûnder bewâld fan Grinslân. Se dogge bygelyks finansjeel mei yn it fleanfjild fan Eelde. Grinslân wol graach dat Fryslân ek meidocht. Hjir binne wol in pear minsken dy't dat ek fine, mar as it fanwege de corona net mear doocht om fan Eelde nei Bremen te fleanen, is dat wol oer. It singeliere is dat FB Oranjewâld wol finansier is fan Eelde. Dêr ha se blykber mear betrouwen yn as yn de noardlike deiblêden.
Se sieten koartlyn yn Grinslân om de tafel en fregen har ôf: hoe kinne we Fryslân dêr no sa by belûke, dat se tinke dat Eelde ek har fleanfjild is? Wat betochten se: Fryslân kin ús smoargens wol oprêde. Se sitte ynkoarten finansjeel ek yn Omrin. Mei grou jild. Al dy Grinzer smoargens komt hjir hinne.
Dat kin moarns moai mei de trein nei de Wierde op It Hearrenfean. As de Lelylijn der al komt. Yn de Rânestêd wurdt inkeld praat oer in rappe ferbining tusken Lelystêd en Grins. Dat is inkeld mar klear te krijen as Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten ek lûdop sizze dat it o sa nedich is. Regiobelied. Dêrom hat ús deputearre Avine Fokkens dat no ek ûnder har bewâld. Se hat no al in pear kear sein dat de Grinzers it ek mear as in wichtich objekt sjen moatte en net hieltyd sizze dat it om harren ek wol oer Zwolle kin.
Grins wie hast om, doe wie der dy hiele domme aksje fan de CDA-riedsleden yn in soad Fryske gemeenten. Dy sizze dat dy trein aanst op It Hearrenfean yn twaen moat en dat der dan noch twa kûpees trochstreame moatte nei Ljouwert, fol mei Dokkumers en Frjentsjerters. Unnoazel dat CDA'ers fan It Hearrenfean en Drachten ek noch meidienen oan dat domme ferhaal. Dêrmei ûndergrave se de Lelylijn sadanich, dat dy der noait komme sil. Want Grinzers wolle út noch yn net dat wat wichtichs nei Grins én Ljouwert giet. Dat mei foar har noait lyk lizze. Sy roppe altyd dat sy inkeld mar it Noarden binne. In soarte fan oerdreaune grutskens, dêr't wy Friezen absolút net oer kinne.
Boppedat jonges. Ljouwert hat yn de 70'er jierren alles ferspile. It sette net sok doe't der in dyk fan de kop fan de Ofslútdyk nei Grins komme moast. Dus kaam de dyk oer Snits, It Hearrenfean en Drachten. Doe't it Westen letter troch de polder nei it Noarden kaam, wie harren kostje hielendal makke. Ljouwert lei efter in stikje isolaasjebân. Oars hie alles trochstreame moatten en koene je fan Ljouwert nei Grins. Dat helje je noait werom. Der is safolle bestjoerskrêft oan kapot gien, dat wol je net leauwe. Ljouwert moat no dat ferlies drage en dwaan wat je dwaan kinne, mar de Lelylijn is net fan Ljouwert.
Fanwege noch folle mear diskutabele saken tusken Ljouwert en Grins is de noardlike gearwurking noait wat wurden. Fanwege guon politisy en fanwege de sinten is der besocht yntinsyf gear te wurkjen. Der binne alderhande gearwurkingsferbannen, mar je hearre der noait mear wat oer. It stelt dan ek hielendal neat foar. Dêrom is it ek wol te begripen dat der sels fanút Grins stapkes set wurde, want dat hat echt stipe nedich. Ekonomysk soe it moatte, mar it wurdt dus noait wat. We kinne beide net gearwurkje.
Inkeld, as it oer de Fryske taal giet, soe ik folle leaver mei Grinslân as mei Den Haag te krijen ha. Oare Hollanners sizze dat in twadde taal moai is, mar binne net ree om dêr ek wat oan te dwaan. Grinslanners binne sa op ús taal tsjin dat it foar ús folle dúdliker wurdt dat je hjir in better taalbelied nedich ha. Mar dêr moatte we sels dan mei rêde."