Harns lit oarsaak earmoede yn gemeente ûndersykje

De gemeente Harns lit ûndersykje wêrom't it gemiddelde ynkommen yn de havenstêd it leechst is fan Nederlân. Wethâlder Paul Schoute skeakelet dêrfoar it Fries Sociaal Planbureau yn. Want dûbeltsjes yn Harns wurde net sa gau in kwartsje.
De Noorderhaven yn Harns © Omrop Fryslân
Dat byld kaam nei foaren út in ûndersyk fan De Volkskrant. Wa't yn Fryslân opgroeit yn in earme famylje, hat letter folle minder kâns op in heech ynkommen, en yn Harns is it gemiddelde ynkommen it leechst fan Nederlân mei goed 22.000 euro. "Hier is een hoge werkloosheid, een grote en langdurige werkloosheid. Verder is hier armoede en zijn er problemen met laaggeletterdheid", seit Schoute. Wat út it ûndersyk nei foaren komt, kloppet neffens de wethâlder dus wol. "We moeten aan de slag met de problemen die er zijn."
Dan wol Schoute earst wol krekt witte wêr't it oan leit. Der hat koartlyn al in ûndersyk west nei de ekonomy yn Noardwest-Fryslân, wêrûnder ek yn Harns. Dêr kamen de problemen ek nei foaren. "Maar het is lastig om de vinger er precies achter te leggen", seit Schoute. "Daarom leggen we het nu ook voor bij het Fries Sociaal Planbureau, waarom het nou speciaal in Harlingen zo'n probleem is."
Er is iets ontstaan wat hardnekkig is.
Wethâlder Paul Schoute oer de earmoede yn syn gemeente
Hy tinkt sels dat it langer lyn al ûntstien is. "Harlingen is een havenstad, maar eeuwen geleden is de rijkdom al afgenomen. Er is iets ontstaan wat hardnekkig is. Vroeger had je de rijke kuststreek en de arme eilanden. Dat is nu andersom."

Oandacht foar spesifike gefallen

Schoute leaut wol dat der ferbettering mooglik is. "We zijn een paar jaar geleden met Harlingen Werkt begonnen, een speciaal project om meer aandacht te besteden aan werklozen. Meer aandacht voor specifieke gevallen, dat helpt. En Nieuw Zuid is een centrum voor maatschappelijke activering. Dat loopt hartstikke mooi. We gaan niet bij de pakken neerzitten."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Fierder komt der ek in nij aksjeplan dat de problemen oplosse moat. "We moeten van Harlingen weer een welvarende stad maken. Ik denk dat we die potentie hebben, maar het is een kwestie van de langere adem." Neffens Schoute is der wat geduld foar nedich, oer sa'n fiif jier moatte de resultaten fan de ferskate projekten te sjen wêze.