Doarpen Weststellingwerf wolle meiprate oer hûzebou: "De nood is hoog"

21 okt 2020 - 06:49

De doarpen yn Weststellingwerf wolle meiprate oer wenningbou, mar ha it gefoel dat dy romte der net is. Se ha noed oer de nijbou dy't der no bykomt yn de Lindewijk yn Wolvegea, dat soe in bedriging wêze foar de mooglikheden yn de doarpen. Opposysjepartijen fine dat de doarpen heard wurde moatte, kolleezjepartij VVD fûn de soargen net terjochte.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Lourens Looijenga

Ek yn Weststellingwerf is krimp in probleem dat hieltyd grutter wurdt. Ynwenners wolle yn de doarpen wenjen bliuwe, mar lûke fuort út need. Neffens foarsitter Henk Haspers fan pleatslik belang De Eendracht yn Nijeholtpea binne der gjin geskikte hûzen. Foar de jeugd binne der gjin betelbere starterswenningen en foar de âlderein gjin oanpaste wenningen. "Dat vinden we een ongewenste ontwikkeling voor de leefbaarheid in onze dorpen. De nood is hoog."

Net praat mei doarpen

Jaspers wiisde der tiisdeitejûn by in kommisjefergadering op dat de doarpen op slot geane, as der in pear hûndert hûzen byboud wurde yn de Lindewijk yn Wolvegea. Mei de doarpen is dêr ek net oer praat. "Betrek ons bij dit soort belangrijke trajecten, het kan nog steeds. Geef concreet aan wat er in de dorpen mogelijk is."

Ut namme fan ienentweintich doarpen frege Jaspers it kolleezje om te ûndersykjen wêr't ferlet fan is yn de doarpen. De partijen Blijf Stellingwarfs en Weststellingwerfs Belang stipen dy oprop. Gaby Thijssen fan GrienLinks frege om tritich wenningen yn de Lindewijk earst net te bouwen, yn ôfwachting fan in ûndersyk. En D66 betwivele oft al dy nije hûzen yn Wolvegea wol nedich binne: "We krijgen te maken met krimp en een daling van het aantal huishoudens na 2030. Dorpen moeten de kans krijgen jonge gezinnen te huisvesten."

VVD: just groei yn fraach

VVD-fraksjefoarsitter Richard Bos sjocht just in groeiende fraach nei hûzen. Hy, en ek it riedslid Marlène Postma, seine dat de doarpen net op slot sitte. De grutste opposysjepartij, SDW, wol de beskikbere wenningen lykweardich ferdiele oer de gemeente. Sy binne ek benaud dat der troch de bou yn de Lindewijk neat oerbliuwt foar de doarpen. Der moat oerlis komme, seit SDW.

Koälysjepartij CDA fynt net dat de doarpen oer de Lindewijk meiprate moatte. Wethâlder Henneke Zonderland wol de doarpen wol takom jier belûke by it meitsjen fan in nije wenfyzje, mar dan is it beslút oer de Lindewijk al naam. "Het volledige contigent gaat niet op aan de Lindewijk. Maar we hebben daar bouwgrond en in de kleine dorpen niet."

Fan de hûzen dy't yn de earste faze boud binne yn de Lindewijk binne no noch fjirtich, benammen gruttere kavels, oer. De wethâlder wol yn de wyk ek romte meitsje foar âlderein en starters. "Denk aan hofjes."

(Advertinsje)
(Advertinsje)