Coronanijs woansdei 21 oktober: 138 nije besmettingen

21 okt 2020 - 22:38
  • Woansdei binne der 138 nije coronabesmettingen en ien stjergefal fêststeld yn Fryslân;
  • Neffens de lêste sifers lizze der 17 coronapasjinten op de Fryske ic's en 45 op de ferpleechôfdielingen;
  • De feilichheidsregio's wolle in strangere hanthavening op de coronaregels;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
21:31
'Slach om 'e Toer' giet dit jier net troch

De kuiertocht Slach om 'e Toer giet dit jier net troch. It evenemint by Surhuzum is skrast fanwege it coronafirus. De tocht set gewoanwei útein by MFC De Delfeart yn Surhuzum en giet nei Surhústerfean, Drachtsterkompenije, Trimunt en werom. Elts jier rinne der wol mear as tûzen kuierders mei en dêrom is der neffens de organisaasje dit jier gjin begjinnen oan.

20:38
Firologen: 72 oeren selsisolaasje by positive test sûnder klachten eins te koart

Minsken dy't posityf test binne op covid-19 en (noch) gjin lêst hawwe fan symptomen krije it RIVM-advys trije dagen yn selsisolaasje te gean. Bekende firologen sette fraachtekens by de foarskreaune 72 oeren, no't it tal besmettingen tanimt.

It soe feiliger wêze om tsien dagen selsisolaasje oan te hâlden. "Want het duurt tot maximaal tien dagen tot je klachten krijgt", seit Niesters fan UMCG.

It RIVM lit witte dat it belied is derop rjochte is om út te sluten dat minsken yn de saneamde pre-symptomatysk faze sitte, dêr't neffens it ynstitút meastal binnen 72 oeren symptomen ûntwikkele wurde. Mei de tafoeging dat it Outbreak Management Team him de kommende tiid nochris bûge sil oer it belied.

18:20
"Skoallen slute is lêste maatregel tsjin coronafirus"

Dat seit bestjoersfoarsitter Anne Leijenaar fan skoalmienskip Bogerman yn Snits. Saakkundigen wolle de middelbere skoallen slute, om't yn de leeftiidskategory fan dy bern hieltyd mear besmettingen plakfine. "Dat is een stap die veel te ver gaat", seit Leijenaar.

Bogerman

18:16
Coronabesmetting by shorttrackploech

By shorttracker Dennis Visser fan De Lemmer út de Nederlânske ploech is corona fêststeld. Hy sit yntusken yn karantêne yn syn appartemint op It Hearrenfean. It is net dúdlik oft dit eventueel gefolgen hawwe sil foar de wedstriden fan dit wykein yn de Invitation Cup.

18:14
Q&A: Longdokter Wouter van Geffen beäntwurdet harkersfragen oer corona

Wouter van Geffen, in longdokter fan it Ljouwerter sikehûs MCL, beäntwurde woansdeitemiddei yn it radioprogramma Weistra op Wei safolle mooglik fragen fan de harkers oer corona.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
14:45
Supermerk Skylge ticht

De COOP yn Midslân op Skylge is op it stuit sletten fanwegen in positive besmetting binnen it team fan meiwurkers. Op de doar hinget in briefke mei de tekst: "wij zijn genoodzaakt om voor ieders veiligheid hierin een besluit te nemen".

Foto: ProNews Producties
Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)