Dielscooters hieltyd faker yn it paad efterlitten, Ljouwert siket nei oplossing

20 okt 2020 - 22:46

Griene scooters dy't yn Ljouwert midden op de stoep of op 'e dyk stean bliuwe nei gebrûk. Der is hieltyd mear argewaasje oer hoe't elektryske dielscooters achterlitten wurde nei gebrûk. De gemeente wol mei Go Sharing, de eigener fan de scooters, nei in oplossing sykje.

Foto: Omrop Fryslân

Noch mar in wike nei't de dielscooters yn july foar it earst yn de binnenstêd fan Ljouwert stiene, dûkten al ferskate foto's op fan scooters yn it wetter en midden op it fytspaad. It is fansels net de bedoeling dat se dêr efterlitten wurde, mar it bart noch hieltyd.

Neffens wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert binne der in soad minsken dy't gebrûk meitsje fan de scooters. Hy sprekt fan in sukses, mar is fierders net te sprekken oer it gedrach fan de minsken dy't de scooters oeral efterlitte. "It freget natuerlik fan jo en ik as brûker fan dy scooter dat je je gewoan oan de normale ferkearsregels en fatsoensnoarmen hâlde. Dus as je sa'n scooter brûke, parkearje dan net lomp in scooter dwers op it trottoir. Dat mei normaal net en no ek net."

No parking zones

Der moat goed sjoen wurde nei de regulearring, want ekstra regels binne neffens Douwstra net perfoarst in oplossing. Hy wol mei Go Sharing sjen oft der saneamde no parking zones komme kinne, dêr't de scooters net parkearre wurde meie. "Ien fan de foarbylden is de binnenstêd, op de pleinen wolle we it net. Of by it stasjon dêr't fytsen net stean meie."

In oare oplossing soe wêze om just oan te jaan op hokker plakken de dielscooters wol parkearre wurde meie.

Wethâlder Friso Douwstra oer de griene scooters

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)