Giovanni Korte helpt Cambuur oan kopposysje: "Daar doen we het voor!"

Mei in oerwinning fan leafst 0-4 naam Cambuur tiisdeitejûn de kopposysje fan NAC Breda oer. Mei twa doelpunten en in assist hie Giovanni Korte in wichtich oandiel yn de oerwinning op syn âlde klup NAC. "Echt lekker", fûn de oanfaller.
Sjoch nei de reaksje fan Giovanni Korte:
Giovanni Korte
Korte kaam ferline simmer oer fan NAC Breda. "Dat gaf wel een extra lading. Ik heb veel meegemaakt hier, het was vaak onrustig", sei Korte.
NAC kaam der eins de hiele wedstriid net oan te pas. "Ik heb bijna geen kansen gezien van ze." Yn de twadde helte wie it dan ek al gau dien. "Ze konden het al snel niet meer belopen. In de zeventigste minuut waren ze op." It waard doe ek 0-2, neffens Korte it brekpunt yn de wedstriid. "Toen merkte je aan hun ook: het is klaar", sei Korte.
De oanfaller is bliid dat de Ljouwerters no koprinner binne: "Daar doen we het voor!"
Trainer Henk de Jong:
Trainer Henk de Jong
Trainer Henk de Jong wie hiel tefreden oer it spul fan Korte. "Dy gunne wy it allegear, wy binne stapelgek mei Giovanni Korte. Yn sokke wedstriden is it geweldich datst sa'n jonge hast", sei De Jong.
De trainer is bliid dat de Ljouwerters NAC aardich ienfâldich ferslaan koene. "Fansels wol tsjin in NAC dat wol wat spilers mist, mar der stie noch wol in goeie ploech. Wy ha it echt goed dien, wy ha leau ik ien kâns weijûn."

"Ik woe dat ik njoggen kear wikselje mocht"

Krekt foardat Mitchel Paulissen de 0-2 makke, like De Jong fan plan de middenfjilder te wikseljen. "Ik ha ek Robin Maulun, dy is ek goed", laket De Jong. "It is jammer dat ik net njoggen kear wikselje mocht, want dy jonges op de bank binne ek sa fanatyk."
In ôffaller foar Cambuur wiene de blessueren fan sintrale ferdigeners Schouten en Mac-Intosch, dy't yn de twadde helte útfoelen. De Jong wit noch net hoe swier oft dy blessueren binne. "Dat is efkes ôfwachtsjen foar freed, mar dy oare jonges witte ek hoe't wy fuotbalje", wiist De Jong op ynfallers Kramer en Nieuwpoort.