Arends nei twadde ronde ATP Antwerpen: "Mooiste overwinning uit carrière"

20 okt 2020 - 21:35

Op it ATP-toernoai fan Antwerpen hat tennisser Sander Arends fan Ljouwert ferrassend de twadde ronde helle. Yn oardel oere wie hy tegearre mei syn dûbeldmaat mei 6-7 6-2 en 10-5 te sterk foar lânsman Jean-Julien Rojer en Fabrice Martin út Frankryk. Rojer en Martin wienen as tredde pleatst op it Belgyske toernoai.

Foto: Orange Pictures

Arends docht yn Antwerpen net mei syn fêste dûbeldmaat David Pel mei, mar foarmet in duo mei Pablo Andujar. Hoewol't de Ljouwerter noch nea in wedstriid mei de Spanjert spile, kamen se yn de earste set op 5-2. Se koene de foarsprong net fêsthâlde. Yn in spannende tiebreak pakten Martin en Rojer de earste set.

Twadde set nei Arends/Andujar

Yn de twadde set pakten Arends en Andujar wer in 5-2 foarsprong. Dizze kear koene se dat wol fêsthâlde, en dus moast in supertiebreak de beslissing bringe. Dêryn stie it rap 3-0 foar de Ljouwerter en syn maat, mar de tsjinstanners knokten har knap werom oant 4-4. Dêrnei wiene it dochs wer Arends en syn maat dy't it in foarsprong pakten (8-5) en dizze kear wie dat genôch foar de winst.

"Dit was een hele bijzondere overwinning", lit Arends nei de wedstriid witte. "Voor mij is dit misschien wel de mooiste overwinning uit mijn carrière. We hebben 2 sets supergoed gespeeld, en Andujar speelde een waanzinnige supertiebreak." De tennisser hie noch mear moaie wurden oer foar syn gelegenheidsmaat. "We hadden een hele leuke klik op de baan."

Arends en Andujar binne it toernoai yn Antwerpen binnenkaam as reserve. De tsjinstanners yn de twadde ronde binne Michael Geerts en Yannick Mertens út België. Sy dogge mei oan it toernoai mei in saneamde wildcard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)