Ljouwerter (43) krijt wurkstraf foar rige oan fernielingen om 5G en corona

20 okt 2020 - 21:24

In 43-jierrige Ljouwerter is feroardiele ta in wurkstraf fan 50 oeren en in selstraf fan acht wiken ûnder betingst foar in rige fan fernielingen yn syn hûs en by ûnder mear de KPN yn Easterwâlde en de fleanbasis yn Ljouwert.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn in heal jier tiid fernielde hy liedingen, sinnepanielen en in termostaat yn syn eigen hûs. Hy die dat, omdat hy tinkt dat hy siik wurden is fan de 'slimme meters' yn syn hûs. De man hat diabetes.

Ek it 5G-netwurk soe neffens him ynfloed ha op syn sûnens. By KPN yn Easterwâlde smiet hy twa ruten yn, omdat hy wist dat dêr in 5G-mêst stiet. Op de fleanbasis yn Ljouwert fernielde hy in stek en in tagongspoartsje.

Syn frustraasjes oer de coronalockdown utere hy mei it stikken smiten fan in rút yn it gemeentehûs fan Ljouwert en ek by de nachtopfang fan Zienn smiet hy ruten yn. As hy ditsoarte aksjes die, hie hy meastentiids drank hân.

Ien grutte leagen

Corona, de lockdown, 5G, it is neffens de Ljouwerter allegear ien grutte leagen. "Er gebeuren hier dingen in Nederland die niet kloppen. Rutte, De Jonge, het zijn allemaal leugenaars", sei hy yn de rjochtbank tsjin rjochter Remco Jan Maring.

Njonken de wurkstraf en de selstraf ûnder betingst moat de man ek skeafergoedings betelje: 594 euro oan de plysje en 3.737 euro oan de gemeente Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)