Basis nij kurrikulum foar skoalfak Frysk is klear

20 okt 2020 - 20:43

De basis fan it nije kurrikulum foar it fak Frysk is klear. Yn opdracht fan de provinsje hat ûnderwiisorganisaasje Cedin in nije fyzje skreaun op it fak Frysk foar it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De resultaten steane online op de webside kurrikulum.frl en moatte takom jier liede ta nije kearndoelen.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Yn Nederlân wurdt foar alle wichtige skoalfakken wurke oan in nij kurrikulum. Yn Fryslân begûn dat proses wat letter, mar neffens deputearre Sietske Poepjes leit ek it nije kurrikulum foar it Frysk goed op skema.

By it fak Frysk giet it tsjintwurdich net mear allinnich om de taal, leit Poepjes út. "Wat moat in bern kinne, wat moat in bern behearskje, wêr moat in bern mei yn 'e kunde komme? Dus ek de skiednis fan it Frysk, fan Fryslân, ús kultuer. It is net inkeld stavering of sette je de tiidwurden goed om, nee, it giet ek om it grutte plaatsje. En dat is wol in feroaring mei de jierren hjirfoar."

Deputearre Sietske Poepjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)