Cambuur koprinner nei winst op NAC Breda

20 okt 2020 - 20:38

Sportklup Cambuur hat tiisdeitejûn it earste plak yn de earste difyzje oernaam fan NAC Breda. Yn it Rat Verlegh Stadion yn Breda waard NAC mei 0-4 ferslein.

Tsjin NAC Breda, foar de wedstriid koprinner mar spyljend sûnder in tal basisspilers, kaam Cambuur goed út de startblokken. It spile oanfallend en koe al gau in tal kânsen kreëarje. Robert Mühren skeat nei twa minuten krekt neist it doel, en yn de tsiende minút waard syn skot rêden troch doelman Nick Olij.

Dêrnei naam NAC it inisjatyf efkes oer en Sonny Stevens moast rêding bringe op in kopbal fan Riera. Ek Van Hooijdonk krige in kâns nei in hoekskop, mar hy skeat de bal rjocht yn de hannen fan Stevens.

Korte is skerp

Nei noch in tal lytse kânsen, wie it sân minuten foar skoft lang om let raak foar Cambuur. Michael Breij joech in foarset op Jamie Jacobs, dy't de bal op de peal kopte. Giovanni Korte wie lykwols skerp en koe de bal yn de rebound efter Olij sjitte.

Erik Schouten kaam dêrnei noch tichtby de 0-2, doe't er fan in meter as 25 op doel skeat. De bal gie rjochting de krusing, mar Olij koe de bal krekt fuortslaan. Dat wie it lêste wapenfeit fan de earste helte, en de ploegen giene dus mei in 0-1 tuskenstân it skoft yn.

Cambuur rint út

Nei goed in oere fuotbaljen soarge Mitchel Paulissen foar de 0-2. Hy krige de bal fan Mac-Intosch, draaide fuort fan syn man en skeat de bal yn de rjochterhoeke binnen.

NAC gie dêrnei op 'e jacht nei in oanslutingsdoelpunt, mar de Bredanaren koene eins net troch de Cambuur-ferdigening komme. Ek Cambuur socht noch nei in doelpunt, en dat slagge in kertier foar tiid.

Mühren waard de djipte yn stjoerd en joech de bal op de meirinnende Korte, dy't ienfâldich de 0-3 meitsje koe. Yn de njoggentichste minút makke Jacobs der sels noch 0-4 fan, hy skeat de bal hurd binnen nei in foarset fan Korte.

Cambuur oan kop

Cambuur nimt troch de winst it earste plak yn de earste difyzje oer fan Breda. De Ljouwerters ha nei acht wedstriden njoggentjin punten, ien punt mear as de Bredanaren. NAC hat wol in wedstriid minder spile.

NAC Breda - SC Cambuur 0-4 (0-1) 38. Giovanni Korte 0-1, 59. Mitchel Paulissen 0-2, 77. Giovanni Korte 0-3, 90. Jamie Jacobs 0-4

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten (46/Kramer), Mac-Intosch (69/Nieuwpoort), Schmidt; Paulissen (66/Maulun), Hoedemakers, Jacobs; Korte, Mühren (83/Pouwels), Breij (66/Antonia)

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NAC Breda
(Advertinsje)
(Advertinsje)