Minister: Natuerdoelen Waadsee net liedend foar binnendyks lânbougebiet

20 okt 2020 - 19:49

De natuerdoelen sa as dy fêststeld binne yn it ramt fan Natura 2000 foar de Waadsee, wurde net liedend foar de ûntwikkeling fan binnendykse gebieten, sa skriuwt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Twadde Keamer. Benammen de poatierappelsektor is benaud dat nije brakwettersônes en ferbiningen tusken sâlt en swiet wetter foar grutte problemen soargje sille mei it sâlter wurden fan lânbougrûn.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Yn it ûntwerp fan de Waddenagenda, dy't op 5 novimber foar it earst yn de Twadde Keamer behannele wurdt, wurde sokke nije sônes en ferbiningen wol neamd as in soarte fan 'yntegrale oanpak' om de natuer fan it Waad te fersterkjen. It betsjut lykwols net dat de begrinzing fan it Natura 2000-gebiet no wizige wurdt, sa lit de minister witte oan de keamerleden Aukje de Vries (VVD) en Helma Lodders (VVD) yn antwurd op keamerfragen fan it twatal.

Ek soe der socht wurde moatte nei oplossingen foar it hieltyd sâlter wurden fan de lânbougrûn en foar de klimaatferoaringen. De sektor wiist op it grutte belang fan de besteande poatierappelteelt foar de wrâld. De betreffende ministearjes sille noch yn petear mei de lânbou-organisaasjes, sa is tasein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)