Fytsers ûnderút, gemeente komt mei oplossing foar glêde rotonde Dokkum

20 okt 2020 - 18:38

De glêde rotonde oan de Wâldwei yn Dokkum wurdt mids novimber troch de gemeente oanpakt. Dat hat wethâlder Theo Berends fan Noardeast-Fryslân tiisdeitemiddei bekend makke. Ek pleatst de gemeente woansdei warskôgingsbuorden by de rotonde.

Foto: Demi Hoekstra, RTV NOF

De ôfrûne wiken barden meardere ûngelokken by de rotonde, sa melde RTV NOF earder dizze wike. De slachtoffers joegen oan dat it foaral kaam troch de glêde dyk, as it reinde.

Nije deklaach

Wethâlder Berends is skrokken fan alle ûngelokken. Neffens him wurdt de rotonde op 17 novimber dit jier foarsjoen fan in nije deklaach. De laach dy't der no noch leit, is fersliten en neffens Berends is dat de oarsaak fan de problemen.

"In 2016 is deze rotonde zo neergelegd, omdat de fietspaden te veel problemen gaven", neffens Berends. "Toen is er een gemengde rotonde van gemaakt met een rode deklaag. Die is versleten en dat zorgt ervoor dat de gladheid ontstaat. Vooral bij regen merk je dat goed."

Warskôgingsbuorden

Foardat de definitive oplossing der is, wurde minsken mei help fan buorden warskôge foar de glêdens.

Wethâlder Theo Berends fan Noardeast-Fryslân oer de rotonde yn Dokkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)