Auto rydt frou op fyts oan yn Ljouwert wylst se grien ljocht hat en rydt troch

20 okt 2020 - 18:26

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok dêr't de bestjoerder fan in Peugeot by trochriden is. It ûngelok wie op it Oostergoplein yn Ljouwert. De bestjoerder fan in grize Peugeot 206 stie foar it ferkearsljocht op de Aldlânsdyk. De auto bleau oant twa kear stilstean, wylst it ljocht op grien stie. Doe't it foar de fytsers op grien gie, luts de bestjoerder op en skepte in fytser.

Frou fan de fyts riden op Oostergoplein Ljouwert, auto naait út - Foto: AS Media

De 77-jierrige fytster út Ljouwert fleach dêrtroch likernôch 2 meter troch de loft. Se is foar ûndersyk mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De bestjoerder fan de Peugeot ried nei it ûngelok troch.

Wa't wat sjoen hat, kin him of har melde by de plysje op it nûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)