Feilichheidsregio's foar strangere hanthavening coronaregels

20 okt 2020 - 17:52

Der sil stranger hanthavene wurde op de coronaregels. Jûns nei acht oere mei alkohol op strjitte of mei in groep grutter as fjouwer minsken wurdt mei boeten bestraft. Minsken gean te los mei de regels om, dus is in hurde oanpak nedich, sizze de feilichheidsregio's. Ek boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, stiet achter in hurdere oanpak.

Neffens Buma leit de ferantwurdlikheid by de minsken sels. "Met handhaving kan je deze crisis uiteindelijk niet bestrijden. Maar het is wel zo dat, als er overtredingen zijn en het wordt geconstateerd, er sneller tot een boete overgegaan kan worden."

Buma leit de klam nochris op it neilibjen fan de coronaregels. "Het is niet anders en we moeten zo snel mogelijk weer naar een normale situatie terug. Hoe meer we ons aan de regels houden, hoe sneller we weer terug zijn bij een normale situatie."

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)