Tsjerken helpe minsken dy't it dreech hawwe mei twadde coronaweach

20 okt 2020 - 17:34

Frijwilligers fan tsjerken en kristlike organisaasjes slaan de hannen ynien om minsken te helpen dy't it mentaal dreech hawwe mei de twadde coronaweach. Se wolle de gebouwen iepenstelle of de doarpen en wiken yn. Dêr is ferlet fan, fernimme de dûmnys.

BLOG tsjerken wolle helpe by Corona (NOS)

"Mensen missen nu perspectief. Waren ze tijdens de eerste golf bang voor het virus. Nu is het de uitzichtloosheid. Wanneer is eindelijk alles weer normaal."

Classispredikant Wim Beekman fan Koudum heart ditsoart ferhalen hieltyd faker. Dêr kinne frijwilligers of meiwurkers fan de tsjerke in goede rol by spylje, tinkt Beekman.

Ek foar net-tsjerkliken

Tsjerklike en kristlike organisaasjes hawwe yn in brief oan it kabinet oanjûn de rol fan helpbieder graach te ferfoljen. "Er is een speciale website," seit Beekman.

"Niet alleen is de site een plek waarop mensen kunnen aangeven of ze hulp nodig hebben. Er komt ook een vrijwilliger langs uit de buurt. Gewoon om te luisteren, te praten." Je hoege dêrfoar gjin lid fan in tsjerke te wêzen, seit Beekman.

Houd moed, heb lief.

Dûmny Anne-Meta Kobes

Op It Hearrenfean binne se der ek drok mei. Yn de protestantske gemeente dêr rint de aksje 'Houd moed, heb lief.' It is in tekst ynspirearre op 1 Korintiërs 13, fers 7.

It is in ferhaal dat in soad steltsjes brûke by harren houlik, seit dûmny Anne-Meta Kobes. "In die tekst staat: de liefde helpt je om altijd vol te houden. Dat is wat we nu nodig hebben. Daarmee proberen we mensen een beetje te ondersteunen."

Dûmny Anne-Meta Kobes - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Kobes fernimt ek dat der hieltyd mear minsken binnen dy't it geastlik dreech hawwe. "Er zijn veel dingen uitgesteld naar dit najaar. Neem bijvoorbeeld een 25-jarig huwelijksjubileum. Dan zouden ze dat nu vieren, maar kan het weer niet. Ik merk wel dat de rek er af en toe wel uit is."

Harkje en aktiviteiten

Om minsken te berikken, sizze Kobes en Beekman, is it al goed om minsken witte te litten dat se der binne, nei harren te harkjen. Op It Hearrenfean besykje se dat ek te berikken mei aktiviteiten dy't al mooglik binne: "We vragen mensen iemand op te geven om een kaart te sturen en een ander persoon brengt die dan. Het is maar heel simpel maar zo geven we elkaar concrete handreikingen in handen."

Dûmny Anne-Meta Kobes

(Advertinsje)
(Advertinsje)