Letitia de Jong moat NK ôfstannen oan har foarby gean litte

20 okt 2020 - 15:19

Letitia de Jong stiet oer oardel wike net oan de start by it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen. De reedrydster fan Team IKO hat in slymbeursûntstekking by de heup. Mooglik moat se ein novimber ek it NK sprint misse. Se rjochtet har no op it WK-kwalifikaasjetoernoai fan ein desimber.

Letitia de Jong moat NK ôfstannen oan har foarby gean litte

Sa goait in blessuere op 'e nij roet yn it iten fan de Feanwâldster. Ferline jier hie se it skouder út 'e kom krekt foar de start fan it seizoen en no sit se dus mei de ûntstekking yn har heup. "It is in âlde blessuere. Ik haw it al fiif kear earder hân. It is in swak plak wurden en eins in oerbelestingsblessuere. Dat spilet wer op en is hiel ferfelend."

Der hawwe ferskate ûndersiken nei de blessuere west, sels in second opinion, mar sûnder resultaten. Yn july krige De Jong foar it earst lêst fan de heup. In ynjeksje soarge derfoar dat se wol refalidearje koe en op in bepaald momint ek wer it iis op koe. "Dat wie wat te gau en dus is it weromkaam. Doe hawwe we sein: de wrâldbekers falle fuort, dus is der yn it foarseizoen ynternasjonaal net in soad te heljen. Dêrom hawwe we derfoar keazen om it sa feilich mooglik wer op te bouwen. Ik sil my rjochtsje op it WK-kwalifikaasjetoernoai yn desimber."

It betsjut dat De Jong it NK ôfstannen (fan 30 oktober oant en mei 1 novimber) mist en mooglik ek it NK sprint (op 28 en 29 novimber). Al hâldt se wat dat lêste toernoai oanbelanget in slach om 'e earm. "It NK sprint soe noch kinne. Dat slút ik net út. Mar alle keuzes stean yn it teken fan ein desimber."

Letitia de Jong oer de coronatiid

Dêr't de reedriders hast gjin hinder hân hawwe fan de earste coronaweach yn Nederlân, is dat no wol oars. Al kin der gewoan traind wurde op Thialf. De wedstriden binne wol oars: der sille gjin wrâldbekers wêze. De Jong: "Dat wie foar my net hiel ferrassend. Ik seach it wol oankommen. Ik tink dat it in hiel ferstannich beslút is."

Oer de nije reedrydkalinder is De Jong wol te sprekken, hoewol't se der troch har blessuere nei alle gedachten net in soad oan hawwe sil. "De nije kalinder is in hiel tûke oplossing. It is moai dat der wedstriden binne en we dochs kompetysje hawwe. Dat is ideaal, ek yn de oanrin nei it folgjende seizoen. Hooplik is der noch in twadde diel fan it seizoen, mar dat witte we net. Dêr kinst dy wol hiel drok oer meitsje, mar we besjogge it wike foar wike."

Foto: Team IKO

Resultaten foarich seizoen

Letitia de Jong waard it ôfrûne reedrydseizoen Nederlânsk kampioen sprint, troch yn Thialf trije fan de fjouwer ôfstannen op har namme te skriuwen. Op it NK ôfstannen einige se op sawol de 500 meter as de 1000 meter twadde. Se ried ek it WK ôfstannen en it WK sprint. Op it WK ôfstannen yn Salt Lake City waard se wrâldkampioen op de teamsprint, einige se sechde op de 500 meter en njoggende op de 1000 meter. It WK sprint brocht har yn it Noarske Hamar in achtste plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)