Idee driuwende wente wint duorsumenspriis Súdwest-Fryslân: oplossing foar krimp

20 okt 2020 - 15:03

It idee De Vlot, oftewol wenje op it wetter, hat de duorsumenspriis fan de gemeente Súdwest-Fryslân wûn. It waard ynstjoerd troch Menno de Roos út Snits. Hy ûntwikkele it plan tegearre mei arsjitekt Kees Kat.

Foto: New Living On Water

It giet hjir net om 'samar in driuwend hûs', mar om in sirkulêr, betelber en ienfâldich te ferpleatsen hierwente. De wente driuwt op in betonnen bak dy't minstens sechtich jier mei kin. De huzen binne 60 oant 80 fjouwerkante meter grut.

Op ien betonbak kinne twa, mar as it moat ek wol fjouwer huzen boud wurde.

Foto: New Living On Water

De wenarken, mei in hierpriis ûnder de hiersubsydzjegrins, binne in goedkeap alternatyf foar klassike huzebou. "Se kinne in oplossing wêze foar de krimp yn in gemeente lykas Súdwest-Fryslân", fynt de sjuery.

Dy is ek tige te sprekken oer it feit dat de wenten fan it iene plak nei it oare oerbrocht wurde kinne. "Dêr't de wenningkrapte op dit stuit it heechst is, hoecht dat oer tsien jier net mear sa te wêzen. De wenten kinne dan ferpleatst wurde nei in nij gebiet."

De beide priiswinners hoopje harren idee út te bouwen ta in bedriuw dat soksoarte wenten yn produksje nimt foar hiel Fryslân en úteinlik der ek dêrbûten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)