Fjouwer jier sel foar man dy't frou delstuts op stasjon De Westereen

20 okt 2020 - 14:54

De man dy't op 11 novimber 2019 syn 25-jierrige eks-freondinne delstuts op it treinstasjon fan De Westereen is feroardiele ta in finzenisstraf fan fjouwer jier. De eask fan it Iepenbier Ministearje wie fiif jier.

Foto: Kappers Media

Troch yn it wylde wei op it slachtoffer yn te stekken, hat de feroardielde neffens de rjochtbank "bewust de aanmerkelijke kans aanvaard" dat de frou om it libben komme soe. Hy hat it slachtoffer acht kear stutsen, yn de earms en yn de nekke. Troch it yngripen fan in omstanner is slimmer foarkaam.

In pear dagen foar de stekpartij hie de fertochte by syn eks-freondinne oan de doar west. De frou warskôge dêrop de plysje, mar de man kaam in pear dagen letter dochs wer oan de doar. Hy woe dat se him holp mei it ferkrijen fan in ferbliuwsfergunning. Dy wie ynnaam troch de autoriteiten fan Denemarken, dêr't hy earder wie.

Fysike en psychyske skea

Yn earste ynstânsje gong hy fuort, mar efkes letter dûkte er op op it treinstasjon. Dêr begûn hy op syn eks-freondinne yn te stekken. De frou rûn fysike en psychyske skea op, dêr't se noch altyd lêst fan hat. Se is foar in part ferlamme en hat in post-traumatyske steurnis.

De rjochtbank bepaalde dat de fertochte de frou 15.000 euro smertejild betelje moat en 3.000 euro oan materiële kosten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)