Súdwest-Fryslân giet Ljouwert foarby mei tal coronabesmettings

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren mear coronabesmettingen fêststeld yn Súdwest-Fryslân as yn Ljouwert: 33 om 26. Yn totaal binne der it ôfrûne etmiel 158 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der alve mear as in dei earder.
© Shutterstock
Der binne twa Friezen stoarn oan it coronafirus, in ynwenner fan Ljouwert en ien fan Eaststellingwerf. Ien ynwenner fan De Fryske Marren is opnaam yn it sikehûs.
© Omrop Fryslân