GGD iepenet fjirde corona-testlokaasje yn Kollum

20 okt 2020 - 14:10

GGD Fryslân nimt oare wike woansdei in fjirde coronatestlokaasje yn gebrûk yn Kollum. De lokaasje komt yn in part fan it gebou fan it eardere Lauwers College yn it doarp.

Hjir moat de nije testlokaasje komme - Foto: Google Street View

De GGD hat op it stuit testlokaasjes yn Ljouwert, Drachten en Drylts. Der waard al langer socht nei in geskikte lokaasje yn Noardeast-Fryslân. "De fraach nei testen nimt noch hieltyd ta", seit Margreet de Graaf, direkteur fan de GGD Fryslân. "Dêrnjonken wol de GGD Fryslân graach in goede sprieding fan de testlokaasjes, sa't de reistiid foar elkenien beheind bliuwt."

Mei de iepening fan de fjirde lokaasje ferwachtet de GGD dat se oan beide fragen temjitte komme kinne. Op de trije lokaasjes fan no kin de GGD yn totaal 1.700 minsken deis teste. De wachttiid is yntusken sa'n 24 oeren.

Yn Kollum kinne daliks 360 minsken deis test wurde, dat wurdt útwreide nei 480. "Dat is ook nodig als je ziet dat het aantal mensen dat milde klachten heeft, toeneemt", seit Jaap Erik Pijlman fan de GGD. "We zitten deze week bijvoorbeeld op 1.700 testen per dag, dat is meer dan een verdubbeling als je het vergelijkt met een maand geleden."

De testlokaasje yn Kollum is allinnich iepen op ôfspraak. Hoelang't dy lokaasje nedich is, hinget ôf fan de ûntwikkelingen.

Jaap Erik Pijlman fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)