ChristenUnie wol fytshelm stimulearje, mar fytsersbûn is tsjin

21 okt 2020 - 08:42

In tal partijen yn de Fryske Provinsjale Steaten wol woansdei in moasje yntsjinje om de fytshelm yn Fryslân te promoatsjen, mar dat is tsjin it sin fan de Fietsersbond. Dy sizze dat in fytshelm suggerearret dat de fytsferkearsfeilichheid in saak is fan de fytser sels, as blame the victim-prinsipe.

Foto: Shutterstock.com / Halfpoint

Deputearre De Rouwe sei yn de Steatekommisje twa wiken lyn dat de Fietsersbond grut foarstanner is fan it aktyf stimulearjen fan de fytshelm. Net it ferplichtsjen, mar wol it frijwillich brûken. Dat is net sa, seit it bûn. "Het is jammer dat de discussie vaak terechtkomt op de helmen, als het gaat om veiligheid", seit Kees Mourits fan it bûn.

"Er zijn vrij veel fietsongevallen, vorig jaar iets van 1.500 in Fryslân waarbij iemand in het ziekenhuis terechtkwam. De vraag moet zijn: hoe voorkom je die fietsongevallen?"

Mooglik sels mear ûngelokken troch fytshelm

De fytshelm foarkomt gjin ûngelokken, seit it bûn. "In het gunstigste geval beperkt het de impact van een fietsongeval. De kans is groot dat er juist meer verkeersongevallen plaatsvinden. Door een helm ga je je veiliger voelen, bewust en onbewust. Dan gaan mensen zich onveiliger gedragen."

Gefaarlike krusingen oanpakke

De Fietsersbond sjocht leaver dat de Steaten mei foarstellen komme om it tal fytsûngelokken foar te kommen. Neffens it bûn moatte gefaarlike krusingen mei provinsjale diken dêrom oanpakt wurde, moat de maksimumsnelheid yn it bûtengebiet nei 60 kilometer yn 'e oere en moatte der mear frijlizzende fytspaden yn it bûtengebiet komme.

Ferslachjouwer Willem de Vries fytste in blokje mei Kees Mourits fan it fytsersbûn

De ChristenUnie is ien fan de partijen dy't de moasje yntsjinnet. Steatelid Matthijs de Vries jout ta dat in helm gjin ûngelokken foarkomt, mar dochs wol er de fytshelm stimulearje. "Dat betsjut dat de gefolgen minder slim binne, as der in ûngelok is."

Wat De Vries oanbelanget moatte der twa dingen barre: "Én it gebrûk fan de fytshelm stimulearje, én sjen nei de feilichheid. Der binne sa'n soad ûngelokken mei letsel oan de holle, dêr moatte we echt wat oan dwaan. As je dat net dogge, dan bliuwe de ûngelokken mei grut letsel."

Benammen by jongerein en âlderein binne der problemen, seit Matthijs de Vries (CU)

(Advertinsje)
(Advertinsje)