Bordelen Ljouwert ticht, soargen oer prostituees sûnder wurk

20 okt 2020 - 13:33

Helporganisaasje Fier makket him soargen oer de sluting fan de bordelen Esperanza en Moulin Rouge yn Ljouwert. Se moasten ticht fanwege in wytwasksaak en no sitte fjirtich froulju yn it ûnwisse oer harren takomst. It binne benammen bûtenlânske froulju en dy witte no net oft se yn Nederlân bliuwe kinne.

Foto: ANP

De bordelen binne tongerdei sluten. Sawat fyftjin prostituees hawwe wurk fûn by oare bordelen yn Ljouwert, lykas Het Hofje, fertelt Karin Werkman fan Fier. Oaren gean earder nei hûs of nei famylje yn it thúslân.

Boadskippen betelje

Mar der bliuwt in groep oer dy't help nedich hat. Sy binne no noch op de Weaze, by kunde of yn harren eigen hûs. Der is wol kontrakt mei de maatskiplik wurkers fan Fier en in jobcoach helpt de prostituees om oar wurk te finen, ek bûten de prostitúsje. Probleem is hoe't se op dit stuit de boadskippen betelje moatte of hoe't se omgean moatte mei skulden.

Bern ûnderhâlde

Mear as de helte fan de troffen froulju hat bern, seit Werkman. Dy moatte se ûnderhâlde. Faak giet it om bûtenlânske froulju, bygelyks út de Dominikaanske Republyk mei in Spaansk paspoart en mei bern yn Spanje. Mar der sitte ek froulju by út Bulgarije of Roemenië dy't grutte problemen hawwe. Sy kinne net werom nei harren thúslân fanwege de corona.

Fier hat alle twa wiken oerlis mei de gemeente, it Leger des Heils en de GGD om te besjen hoe't se helpe kinne.

Karin Werkman fan Fier

(Advertinsje)
(Advertinsje)