Gemeente wol minder auto's yn sintrum Langwar, ûntheffing foar bewenners

20 okt 2020 - 12:18

De Buorren fan Langwar en it toeristysk gebiet dêromhinne moat inkeld tagonklik wurde foar auto's dy't dêr wêze moatte. Pleatslik Belang en de ûndernimmersferiening yn it doarp hawwe dat oankaart by de gemeente De Fryske Marren en B en W wolle it plan oernimme. Ferline jier hat der in proef west mei in 'autolij' gebiet dêr.

De Buorren yn Langwar - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Parkearje foar de doar yn it sintrum fan Langwar is dreech, fine in soad ynwenners. Faak hâlde toeristen de plakken beset.

As oplossing moat der in bestimmingsferkearregeling komme. Boppedat moat yn it sintrum in blauwe sône ynsteld wurde mei in maksimumparkeartiid fan in heal oere. Langwarsters kinne in ûntheffing oanfreegje foar ien auto de húshâlding. Toeristen kinne dan de auto kwyt op ien fan de parkearterreinen bûten it sintrum.

De wizigings wurde meikoarten publisearre troch de gemeente. As dêr gjin beswier op komt, kin it dit neijier al yngean. Dizze simmer wie it sintrum fan Langwar fan middeis tolve oere ôf ticht foar auto's fanwege de gruttere terrassen yn coronatiid.

Trefwurden: 
auto Langwar
(Advertinsje)
(Advertinsje)