'Bou Friesenbrücke djoerder en duorret langer'; D66 wol tunnel ûndersykje

De bou fan de spoarbrêge Friesenbrücke oer de Eems yn Dútslân wurdt folle djoerder en sil ek noch folle langer duorje. Dat berjochtet de Dútske omrop NDR op basis fan in útlekt rapport fan it Bundesrechnungshof, de Dútske rekkenkeamer. Steatelid Romke de Jong fan D66 stelt fragen yn de Steaten, want it kin ek negative gefolgen ha foar de Lelyline.
Bou Friesenbrücke djoerder en duorret langer
De Friesenbrücke is yn 2015 ramd troch in skip en is sûnt dy tiid net mear te brûken. Dêrtroch is der ek gjin direkt treinferkear mear mooglik tusken Grins en de Dútske stêden Bremen en Hamburg. Nederlân en Dútslân hiene ôfpraat dat de bou fan in nije brêge takom jier úteinsette soe. In soad minsken binne dêrom geweldich skrokken fan it berjocht oer mooglik nij útstel oant it jier 2030.
It duorret net allinnich langer foar't de brêge klear is, it wurdt ek noch djoerder. Yn de earste skattingen gong it noch om 29 miljoen euro, de nijste ferwachtingen binne 96 miljoen euro. D66 Fryslân wol no fan Deputearre Steaten witte hoe't it no krekt sit en oft se kontakt hân ha mei de ferantwurdlike Dútske oerheden.

D66 wol tunnel ûndersykje

De partij fan Romke de Jong sjocht wol wat yn in tunnel. "It iepenjen fan de brêge foar de skipfeart duorre tsien minuten. Mei de ferwachte taname fan it treinferkear yn de takomst kin de brêge miskien wol net mear twa kear yn 'e oere iepen. Dat is in enoarme beheining foar de skipfeart. In Friesentunnel soe wat D66 oanbelanget in bettere opsje wêze."
Neffens De Jong is it wichtich dat de ynternasjonale spoarferbining fluch wer yn gebrûk nommen wurde kin. "Mei de oanlis fan de Lelyline yn ús achterholle is it goed no duorsume karren te meitsjen foar in maksimale ferbining mei Dútslân."
De stikkene Friesenbrücke yn desimber 2015 © ANP
Ferslachjouwer Onno Falkena en steatelid Romke de Jong oer de Friesenbrücke