Alle treinstasjons krije AED om lanlik netwurk dekkend te meitsjen

Op alle 350 treinstasjons yn Nederlân komme takom jier AED's. ProRail en NS pleatse yn gearwurking mei de Hartstichting yn totaal 450 hertstarters op de stasjons.
In AED-apparaat © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
By in hertstilstân is de kâns op oerlibjen it grutst as in reanimaasje binnen de earste seis minuten begjint mei de ynset fan in AED ('automatische externe defibrillator'). Dat is no noch net oeral mooglik. Troch it tal AED's út te wreidzjen nei alle stasjons wolle ProRail en NS in bydrage leverje oan in lanlik dekkend AED-netwurk. Der binne 23 treinstasjons yn Fryslân.

Earder teplak as ambulânse

Op de fyftich gruttere stasjons is op it stuit al op syn minst ien AED oanwêzich. Dat wurde der mear. "Een burgerhulpverlener kan regelmatig sneller ter plaatse zijn dan de ambulance", seit direkteur Floris Italianer fan de Hartstichting.

Libbens rêde

De AED's krije in plak by it stasjon. Dêrtroch is yn in striel fan 500 meter om it stasjon hinne in AED te finen. By stasjons mei tagongspoartsjes is op syn minst ien AED direkt tagonglik. "Ik ben zelf een naaste verloren aan een hartstilstand. Een AED kan levensreddend zijn en daarom vind ik het ontzettend belangrijk dat er zo snel mogelijk AED's komen bij alle stations", seit Anneke de Vries, lid fan de Ried fan Bestjoer fan de NS.