Wjerstân tsjin ferheging toeristebelesting yn Noardeast-Fryslân

20 okt 2020 - 08:32

It bestjoer fan Stichting Het Groene Hart van Ternaard is net bliid mei de oansteande ferheging fan 50% fan de toeristebelesting yn de gemeente Noardeast-Fryslân. It plan is om dy takom jier 1,50 euro de nacht te meitsjen, no is dat noch 1,00 euro. Lucas van der Meulen fan de stichting is bang dat de sektor neat weromsjocht fan dy ferheging.

't Groene Hart yn Ternaard - Foto: Google Street View

"De toeristebelesting wurdt betelle troch, it wurd seit it al, de toeristen. Mar der komt neat werom nei de toerist ta. We kinne der neat fan ynvestearje", seit Van der Meulen.

"Minsken mei in tinte soene graach in picknicktafel op it plak ha wolle, sizze se wolris. En we woene graach ris in buordsje nei de camping ta ha. Soks kin faak net", fertelt Van der Meulen. "Dan krije we nul op it rekest. Of we moatte it sels dwaan."

Op 29 oktober praat de ried oer de ferheging fan de toeristebelesting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)