Kollum: "Hoareka-Tsjerke 0-1"

"Skras artikel 6 fan de grûnwet. En pas artikel 23 yn ien loop oan. Artikel 6 klinkt sa: 'Elkenien hat it rjocht syn godstsjinst of libbensoertsjûging, yndividueel of mienskiplik, frij te beliden, op betingst fan ferantwurdlikens neffens de wet.' Artikel 23 giet oer de ferantwurdlikheid fan de regearing foar it ûnderwiis. De frijheid fan ûnderwiis is dêryn boarge, lykas it earbiedigjen fan godstsjinst en libbensoertsjûging en garânsjes foar it bekostigjen dêrfan.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Willem Schoorstra
It skrassen en oanpassen fan beide artikels is needsaaklik. De coronakrisis soarget der ommers foar dat kroegen en restaurants, teäters en bioskopen ticht moatte, plakken dêr't minsken byinoar komme. Troch artikel 6 fan de grûnwet jildt dat net foar tsjerken en moskeeën. Dy aparte behanneling fan godstsjinst hat histoaryske woartels. Us liberale prinsipes ûntstiene yn in tiidrek dêr't minsken yn ferfolge waarden fanwege harren religieuze opfettings. Troch minsken mei oare religieuze opfettings, moat dêroan taheakke wurde.
Om't it prinsipe fan godstsjinstfrijheid al ferankere leit yn de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske, is artikel 6 oerstallich. It skrassen dêrfan jout in regearing de mooglikheid om tsjerklike gearkomsten krekt sa te behanneljen as hoareka en eveneminten. Boppedat binne jo dan ek fuortendaliks fan kromme saken lykas it ûnferdôve slachtsjen ôf. Want strafber foar bygelyks ateïsten en agnosten, tastien foar joaden en moslims. Mienings binne frij, mar yn Nederlân binne religieuze mienings wetlik frijer as oaren. As ekstra argumint kin jilde dat de wet de maatskippij wjerspegelje moat. Om't it tal leauwigen ôfnimt, soe men dat yn wetjouwing weromsjen moatte.
Artikel 23 fan de grûnwet giet oer de frijheid fan ûnderwiis, ek dat fan bysûnder ûnderwiis. It stiet religieuzen frij harren eigen foarm fan ûnderwiis te jaan. Dat klinkt hartstikkene liberaal, mar it is kreëarjen fan ûnfrijheid. Want is it net sa dat bern, just yn in komplekse maatskippij as dy fan ús, al hiel betiid leare moatte om te gean mei it oars-wêzen fan de oar? Mar al te faak blike konfesjonele skoallen ommers briedplakken fan útsluting en feroardieljen. Plakken dêr't tinkbylden propagearre wurde dy't heaksk stean op de wearden fan in demokratyske rjochtssteat. Yn dy bubbels wurde referinsjekaders almar benypter.
Alle bern, nettsjinsteande komôf of religy, moatte inoar moetsje kinne yn in neutrale, iepenbiere omjouwing. Skoallen dy't frij fan leauwen en ideology binne, kinne apartheid, diskriminaasje en ôfskieding foarkomme. De feesten dy't sadwaande ek út byld reitsje, kinne ferfongen wurde troch bygelyks de Dei of it Feest fan de Demokrasy, de Dei fan de Grûnwet en it Feest fan Lykweardigens. Ik jou mar in foarset. Yn alle gefallen is it skrassen en oanpassen fan beide artikels fan de grûnwet in betingst foar in earliker, rjochtfeardiger en toleranter maatskippij."