Froulju yn Sumar naaie mûlkapkes foar it goede doel

In groep froulju yn Sumar hat mei it meitsjen fan mûlkapkes mear as 1.000 euro ophelle foar de Voedselbank. Se binne sûnt maaie dwaande en nei de lêste maatregels fan it kabinet rint it stoarm.
"Trije wiken lyn waarden de mûlkapkes in driuwend advys. Doe kamen de bestellingen wol binnen", seit Akke Hiemstra, ien fan de inisjatyfnimsters. Oft hiel Sumar no mei fleurige mûlkapkes omrint? "We ha mear as trijehûndert makke. Dy binne echt foar Sumar, mar sa no en dan krije we ek bestellingen fan bûten it doarp."

It giet as in spear

It leafst hiene de froulju yn it doarpshûs sitten. Dat ha se ek in skoftke dien. "De opset wie om minsken wer wat warber te krijen. It doarpshûs wie iepen, mar dat waard net in soad brûkt. We ha der noch wol twa kear sitten, mar dêrnei mocht it net mear." No sitte se thús te naaien. "Dat giet ek prima. Minsken ha de naaimasine út de kast helle, it giet as in spear."

Jild foar de Voedselbank

Alles is dus foar it goede doel. "Foar de fakânsje hiene we sa'n 600 euro ophelle, no sitte we al op 1.200 euro. De mûlkapkes wiene earst fjouwer euro, no fiif euro. "Sa kinne we de Voedselbank noch krekt wat mear stypje."
It giet as in spear, fertelt Akke Hiemstra